Ostmark (gebiet)

De Ostmark yn 1942 mei Reichsgaue, Landkreise en Stadtkreise

Ostmark wie de namme fan Eastenryk nei de Anschluss, de Dútske anneksaasje fan Eastenryk yn maart 1938. De namme wie ta ûnderskied mei it Altreach en wie in ferwizing nei de Beierske Eastmark en eardere eastmarken út it earste milennium n.Kr.

Arthur Seyss-Inquart, de Eastenrykske nazi-lieder, waard troch Adolf Hitler oansteld as rykssteehâlder fan Ostmark. Yn s1939 ferfoel dy besûndere status fan Eastenryk en waard de Ostmark opheft. Eastenryk waard hiernei yn ferskate goaen opdield. It wichtichste goa wie dat fan Wenen. Baldur von Schirach, de eartiidske Reichsjugendleiter (ryksjongereinlieder) fan de Hitler-jugend, waard yn 1940 goalieder fan Wenen.


Developed by StudentB